Deade dwerchfinfisk oanspield op Skiermûntseach

10 jul 2019 - 15:40

Op Skiermûntseach is tiisdei in deade dwerchfinfisk oanspield. Dat meldt NU.nl. It bist wie al langer dea en dêrtroch al flink ûntbûn.

Foto: Sjaak Gubbels, fia waarneming.nl

Earder dizze wike spielde der ek al in deade dwerchfinfisk oan op Texel. Dat bist is yn bettere steat en sil ûndersocht wurde troch de Universiteit Utrecht.

It komt neffens NU.nl net faak foar dat der deade dwerchfinfisken oanspiele op de Nederlânske kust. Sûnt de earste melding yn 1862 wiene dat der sa'n fjirtich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)