Bedriuw yn Grou: "Wy hawwe wol sinnestroom oer"

10 jul 2019 - 15:33

Ek sa'n 150 wenningen yn Grou kinne fan septimber ôf meiprofitearje fan de 1.750 sinnepanielen dy't oanbrocht wurde op it dak fan houtskeletbouwer De Mar.

Foto: De Mar

De enerzjy fan de panielen is yn it foarste plak foar de heftrucks en masines fan it bedriuw sels, mar de ferwachting is dat der dan noch genôch oerbliuwt om de 150 wenningen fan stroom te foarsjen.

It lizzen fan de nije sinnepanielen begjint noch foar de simmer. Op it stuit lizze der ek al sinnepanielen op it dak fan de bouwer fan houten muorren, dakken en dakkapellen. Dy binne yn 2011 al oanbrocht.

Trefwurden: 
Grou sinnestroom
(Advertinsje)
(Advertinsje)