Fjoer en sigaretten tenei ferbean op It Amelân, ek as it reint

10 jul 2019 - 15:21

Der mei yn de maaitiid en simmer tenei hielendal net mear smookt wurde yn de natuergebieten op It Amelân, ek net as dat om it waar wol kin. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan it eilân besletten.

Natuergebiet It Oerd op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Neffens it kolleezje kin in natuerbran hiel gau út de han rinne, De lêste jierren komt it hieltyd faker foar dat der mei drûchte in smook- en stookferbod ynsteld wurdt. As sa'n smookferbod struktureel ynsteld wurdt, hoecht der net wer hieltyd oer neitocht te wurden. Neffens it gemeentebestjoer op It Amelân is dat handiger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)