Ferhuzing orka Morgan wie terjochte, oardielet Raad van State

De eardere steatssekretaris Henk Bleker hat yn 2011 terjochte tastimming jûn om orka Morgan nei Tenerife te ferhúzjen. Dat hat de Raad van State bepaald. It bist waard in jier earder ferswakke fûn yn de Waadsee.
Orka Morgan yn de Waadsee © Omrop Fryslân
Morgan siet earst yn it Dolfinarium yn Harderwijk, mar waard doe't dêr net genôch romte wie oerbrocht nei in opfang yn Tenerife.
Diere-organisaasjes stapten meardere kearen nei de rjochter om foar elkoar te krijen dat Morgan werom nei Nederlân helle wurde soe, om hjir wer frijlitten te wurden. Rjochters, en no ek de Raad van State, giene dêr net yn mei.