Raad van State: gjin fergunning foar nije wynmûne Reduzum

10 jul 2019 - 13:55

De provinsje hoecht gjin ûntheffing te jaan foar in nije wynmûne yn Reduzum. Dat hat de Raad van State bepaald.

De wynmûne fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De provinsje jout de fergunning net, omdat dy wol dat der allinne noch wynmûnen yn parken yn en by de Iselmar komme. De gemeente Ljouwert is it dêr net mei iens en spande dêrom de saak oan by de Raad van State.

De doarpsmûne fan Reduzum is oan ferfanging ta, mar in nije mei der neffens de no jildende regels fan de provinsje net komme. Wol hat it nije provinsjebestjoer it foarnimmen om lossteande mûnen wer ta te stean. Dat is lykwols noch gjin offisjeel belied.

Henk Vellinga fan de doarpsmûne yn Reduzum

(advertinsje)
(advertinsje)