Postcodeloterij ferdielt twa miljoen euro yn Harns

10 jul 2019 - 13:27

De Postcodeloterij hat twa miljoen euro ferdield yn Harns. De winnende postkoade wie 8861 CX. Tsien winners mochten ien miljoen ferdiele, ôfhinklik fan it tal lotten. De heechste yndividuele priis wie 250.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It oare miljoen is ferdield ûnder bewenners mei lotten oan de Brouwersstrjitte en it Suderplein. Sy hienen allinnich de winnende sifers fan de postkoade: 8861. Se krije 570 euro it lot.

Ien persoan, dy't al suver fan it begjin meispilet oan de lotterij, hat 62.500 euro op syn sjek te stean. Hy is der wiis mei. "We wienen al wat oan it sparjen foar de ferbouwing fan it hûs, mar dat is no rûn. En we sille wol op fakânsje gean. Ik wie wol ûnder de yndruk dat se delkamen."

Ronald van der Pol wie yn Harns

Trefwurden: 
Harns lotterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)