Wetterskip Fryslân hat tekoart fan 9 miljoen: "Reserves rane fuort as snie foar de sinne"

10 jul 2019 - 12:37

Wetterskip Fryslân komt oer dit kalinderjier njoggen miljoen euro tekoart, sa is tiisdeitejûn bekend makke. It bestjoer fan Wetterskip Fryslân moat gau yn aksje komme om de organisaasje finansjeel boppe wetter te hâlden, seit algemien bestjoerslid Bram Bonnema fan Frjentsjer.

In tekoart fan fiif miljoen wie al bekend om't dat al meinaam wie yn de begrutting. Der komme safolle mear ôffallers yn de earste fjouwer moannen fan dit jier, dat it tekoart oprint nei njoggen miljoen.

Neffens Bonnema kin it sels noch fierder oprinne. "Der binne ek problemen mei it noardlik belestingkantoar. It sjocht dernei út dat dêr ek noch wat jild achteroan moat. Dan kin it wol tsjin de tsien rinne."

Der moat dus wol wat barre. "It kin net sa trochgean, de reserves rane fuort as snie foar de sinne. We moatte wol in buffer hâlde om risiko's ôfdekke te kinnen."

Wetterskip Fryslân hat in reserve fan 30 miljoen. "Oer 2018 wie der in tekoart fan sa'n acht miljoen en as dêr no tsien miljoen oerhinne komt foar 2019, dan giet it hiel hurd."

De Fryske boargers sille dit fernimme yn de beurs. "De nije koälysje hat by oantreden al sein dat de belestingtariven omheech geane."

Bonnema hie ferwachte dat it deisich bestjoer no al mei maatregels komme soe om de tekoarten draachlik te meitsjen. "Mar dêr sjoch ik neat fan. It kin net sa wêze dat alle tekoarten troch de Fryske boargers en boeren fia belestingferheging betelle wurde moatte."

Neffens Bonnema moat it wetterskip him beheine ta de kearntaken, drûge fuotten en skjin wetter, en besunigje op oare saken.

Bram Bonnema

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Reaksje fan Deputearre Steaten

Deputearre Steaten folget de finânsjes fan it Wetterskip op de foet. Se dogge dat fia amtlik oerlis. Neffens deputearre Sander de Rouwe is it nije bestjoer him bewust fan de finansjele útdaging.

It finansjeel tafersjoch op de wetterskippen wurdt útoefene troch Deputearre Steaten. De stikken, lykas begrutting, wurde dêrfoar opstjoerd. It giet benammen om in finansjeel technyske toetsing om te beoardieljen oft oan de wetlike easken foldien is.

In belangryk ferskil mei it tafersjoch op de gemeenten is dat de gemeente ûnder previntyf tafersjoch komme kin. Soks stiet net yn de Waterschapswet. Wetterskippen binne sels ferantwurdlik foar it troch har fierde finansjele belied.

(Advertinsje)
(Advertinsje)