Petysje tsjin sinnepanielen yn Iselmar oanbean op Provinsjehûs yn Ljouwert

10 jul 2019 - 12:28

In groep omwenners fan de Iselmarkust hat woansdeitemoarn op it Provinsjehûs yn Ljouwert in petysje oanbean tsjin it pleatsen fan sinnepanielen yn de mar. Mei de petysje easkje se fan Provinsjale Steaten dat dy har tsjin de komst fan de sinnepanielen útsprekke en alle middels brûke sil om it plan te kearen.

De petysje is in inisjatyf fan ûnder oare in tal pleatslik belangen, de stichting Gaasterlân Natuerlân en de feriening foar beropscharterfeart. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat de petysje yn ûntfangst nommen.

De FNP stelde dêrnei fragen oan deputearre Sietske Poepjes oer de mooglike komst fan sinnepanielen yn de Iselmar. Poepjes stelde dat der noch lang net in beslút nommen is. De Iselmar is ien fan de opsjes dy't der is. Uteinlik sille Provinsjale Steaten en de gemeenterieden fan De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân der in beslút oer nimme moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Kommissaris Arno Brok krige de petysje oanbean troch Alie Talhout út Hylpen

Trefwurden: 
petysje sinnepanielen Iselmar
(advertinsje)