Jeldert Oenema ferbout eigen ierappel: Heidenskipster gieltsjes

10 jul 2019 - 12:17

Fryslân is in nij streekprodukt riker: it Heidenskipster gieltsje. It is de ierappel fan Jeldert Oenema, in 19-jierrige oankommende hbo-studint fan It Heidenskip. It begûn twa jier lyn mei in hiel lyts stikje grûn mei it ras Forza, mar yntusken hat er in lytse hektare ferboud. En der is in protte fraach nei dizze sûne ierappel dêr't gjin gewaaksbeskerming by brûkt wurdt.

Foto: Eigen foto

"It is út hobby ûntstien. We ha thús in feehâlderij, mar ik bin gek fan planten en ha de mbo-oplieding akkerbou dien. Dêr woe ik thús ek wat by dwaan en om te probearjen ha ik twa jier lyn 0,2 hektare ierappels ferboud. Dat wie in grut sukses, ik ha der in soad fan leard", fertelt Jeldert Oenema.

"Minsken wienen der hielendal gek fan. Se seinen hoe kin it dat in ierappel op klaai op fean groeie wol en dan ek noch lekker smakket! Wy kôkje en bakke dermei en ien hat der sels sjips fan makke. Juster ha ik der patat fan snien en sels myn freondin sei dat it goed wie."

Troch alles it earste jier mei de hân te dwaan is it him slagge. It jier dêrnei ferboude er gjin ierappels om't er foar staazje nei it bûtenlân gie, mar dit jier is er fierdergien.

Wat is syn grutte dream?

"Ik wol it leafst akkerbouwer wurde. Ik ha net genôch mei bisten om boer te wurden, mar gelokkich wol myn broer Tjebbe it bedriuw oernimme. Ik ha mear mei planten. Op feestjes fan de basisskoalle frege ik altyd blombollen, dan wie ik hiel bliid mei tûzen blombollen."

Jeldert sil earst sil yn septimber mei de hbo-stúdzje begjinne.

Jeldert Oenema

(Advertinsje)
(Advertinsje)