Unyk tsjerklik kleed is by fersin ferkocht op bradery

Troch in fersin is de protestantse tsjerke fan Surhústerfean-Boelensloane it 'avondmaalskleed' kwyt. It unike nachtmielskleed is by fersin op de pleatslike bradery bedarre en ferkocht.
Unyk tsjerklik kleed is by fersin ferkocht op bradery
It kleed siet mei inkele nachtmielsskalen en -bekers yn in ferhúsdoaze, fanwege in grutte renovaasje fan it gebou De Bining yn Surhústerfean. Dizze doaze is by it guod bedarre dat klear stie om ferkocht te wurden op de bazaar.
De tsjerkegongers ûntdutsen de fermissing doe't se dwaande wiene om De Bining op 'e nij yn te rjochtsjen.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
"It kleed is yn 1964 makke foar de kapel destiids yn Boelensloane. Dy tekst is der ek ynweefd mei in prachtige foarstelling fan it lêste nachtmiel", fertelle Hanneke en Froukje Dijkstra fan de gemeente.
Op ien of oare wize is it misgien doe't guod ynpakt waard. "De iene helte wie foar it argyf en de oare helte wie foar de ferkeap fan de bazaar."
Dy bazaar wie yn maart en by it útpakken fan de doazen kaam it kleed net wer foar it ljocht. "We binne al in moanne oan it sykjen en wolle it hiel graach werom hawwe. In oar kin der neat mei en it hat ek gjin wearde foar in oar, mar foar ús wol."
Se ha gjin idee wêr't it kleed wêze kin. "De minsken fan de bazaar ha ek alle war dien en elkenien frege om nei it guod út te sjen."
It siet yn in griene plestik pûde mei in sticker derop mei 'avondmaalskleed'. De tsjerke wol it kleed graach weromhawwe, en freget minsken dus mei klam om te sjen oft se it bysûndere stik net miskien tafallich thús hawwe.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek praat mei Hanneke en Froukje Dijkstra