Studinten leare Aldfrysk op Oxford University

Op de ferneamde universiteit fan Oxford wurdt dizze simmer kolleezje jûn oer it Aldfrysk. Der wurdt kolleezje jûn oer de rol fan Aldfrysk yn Oxford sels, de oerienkomsten tusken it Frysk en Ingelsk, de grammatika en Friezen yn it klassike ferhaal Beowulf.
© ANP
De studinten krije yn de Old Frisian Summer School kolleezje fan doktor Johanneke Sytsema, professor Rolf Bremmer en doktor Francis Leneghan.
Njonken serieuze saken is der foar de studinten ek tiid en romte om mei-inoar yn de kunde te kommen.
Der is plak foar njoggen Nederlânske en sechtjin Ingelske studinten. In jier letter is de Summer School yn Grins. Dan is der plak foar sechtjin Nederlânske en njoggen Ingelske studinten.
© Minorities & Multilingualism - University of Groningen