Rjochter jout plomfeehâlders gjin gelyk yn fipronylsaak tsjin NVWA

De Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) hoegde boeren net earder te warskôgjen foar fipronyl. Dat hat de rjochter woansdeitemoarn bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch LTO Nederland en goed hûndert plomfeehâlders.
Rjochter jout plomfeehâlders gjin gelyk yn fipronylsaak tsjin NVWA
Twa jier lyn moasten plomfeehâlders yn Nederlân miljoenen aaien ferneatigje, omdat der tefolle fan it luzebestridingsmiddel fipronyl yn siet. Under har wie ek in tal Fryske plomfeehâlders.
De LTO en de plomfeehâlders fûnen dat de NVWA earder warskôgjen moatten hie foar de gefaren fan fipronyl, mar de rjochter giet dêr net yn mei.
© ANP
Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei hinneboer Douwe de Jong fan Parregea oer de útspraak yn de fipronylsaak