By bûtenswimbad yn Appelskea is tenei fergees sinnebrânkrêm te krijen

10 jul 2019 - 10:47

Gasten fan it Boskbad yn Appelskea kinne tenei de sinnebrânkrêm thús litte. By it bad komme dispensers mei sokke krêm te hingjen. De lieding docht dit om de kâns op hûdkanker te ferlytsjen.

Simmer - Foto: Shutterstock.com

"We binne benadere troch in man fan it swimbad yn Ruinen, dy't it dêr opset hat. Dy man hat read hier en in blank fel en hat al in pear kear hûdkanker hân", fertelt Ina Jongsma fan it bad.

Se fynt it in goed plan. "Tafallich wurke ik sels fjirtjin dagen lyn doe't it sa waarm wie. Doe hienen we goed 1.700 besikers en in pear kear kamen minsken by my mei de fraach oft we ek sinnebrânkrêm ferkochten. En dat dogge we dus net, mar it is in goede saak dat soks der wol is by bûtenswimbaden."

"By it bûtenswimbad wurdt de sinnebrânkrêm faak fergetten, mar it is wol belangryk om dy yn te smarren. Net inkeld foar bern, mar ek foar folwoeksenen. Eins moatst dy elke twa oeren ynsmarre. It is bewiisd dat as je in pear kear goed ferbaarnd binne, dat je dan mear kâns op hûdkanker hawwe."

Der komme twa grutte dispensers te hingjen. Univé sponsoret de sinnebrânkrêm foar twa jier en soarget dat se hieltyd byfolle wurde. "Dy komme yn it sicht fan de tafersjochhâlder want it is fansels net de bedoeling dat mei de krêm griemd wurdt."

It doel is dat alle tolve bûtenbaden dy't by Lako oansletten binne sa'n dispenser krije. "It is in oaljeflek dy't him ferspriedt, it iene folget it oare op. It is in moai inisjatyf, it baltsje rôlet wol."

Ina Jongsma

(advertinsje)