Plysje siket oerfaller dy't frou en âlde man yn Warkum bedrige hat

De plysje freget tips oer in man dy't yn maaie twa ynwenners fan Warkum oerfallen hat. In 85-jierrige man waard oerfallen by syn hûs, in frou fan 28 by in pinautomaat. Beide slachtoffers waarden bedrige mei in skerp foarwerp.
Dit plysje-uniform wurdt woansdei oanbean oan de keamerkommisje © Omrop Fryslân
De 85-jierrige man kaam krekt oan by syn hûs yn de Schoolstraat nei it boadskipjen, doe't de oerfaller ynienen achter him stie en jild easke. De oerfaller besocht de beurs fan de man te pakken en der ûntstie in wrakseling. De Warkumer waard dêrby bedrige mei in mes. Uteinlik hat er syn beurs ôfjûn.
Inkelde minuten letter waard de 28-jierrige frou oerfallen by in pinautomaat oan it Panwurk. De oerfaller pakte har by it pinnen fêst en drukte in skerp foarwerp yn har nekke. Ek fan har easke er jild. Doe't de frou der net yn slagge jild út de automaat te heljen, rûn de oerfaller fuort.
De bewakingskamera fan de pinautomaat hat bylden fan de oerfaller makke. Dêrop is it gesicht fan de man net te sjen, mar wol syn postuer en klean. De plysje hat de bylden op de webside set en freget om tips.