Kollum: "Rûpen en mûzen"

10 jul 2019 - 09:04

"Ik woe it hjoed ha oer de, en no sis ik it efkes yn it Hollânsk, de 'eikenprocessierups'. As gesachsgetrou kollumnist sykje je dan de Omrop Fryslân-berjochten op om dêr it goede Fryske wurd foar te finen. Nee. Dêr stie ynearsten ek 'eikenprocessierups'. Dat is frjemd. As in hurdfytser yn de Tour de France oer de kop giet, dan brekt hy neffens de Omrop syn kaaibonke, dat ding dêr't 99,9 persint fan de Frysktaligen gewoan 'sleutelbeen' tsjin seit. Mar de 'eikenprocessierups', dy't talriker oanwêzich is as it tal Fryske wurden wat bestiet, moat as Hollanner fierder troch it libben. Dêr waard ik wat nitelich fan.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Dus nei de staveringshifker, dêr't Sietske Poepjes 40.000 euro foar betelle hat oan Microsoft. Neffens Sietske soe ik dan alhiel flaterleas Frysk skriuwe kinne. Ik ha 'm downloaden. Myn kompjûter seit dat ik dat goed dien ha. Mar it is my net slagge him te brûken. Sokke spultsjes binne neat foar digikloaten lykas my. Microsoft sil it freed echt foar my regelje.

Mar dêr hie ik no noch neat oan. Dan mar wer fia Google. Mar de Fryske Akademy en it Frysk wurdboek seine dat it wurd 'eikenprocessierups' neffens harren net bestiet. En wat net bestiet, hoege we net te fertalen, sizze se. Mar ik ha dy bistjes sels sjoen. En ik ha it wurd 'eikenprocessierups' wol tûzen kear lêzen. Elkenien wol. We hienen it der fan 'e wike ek noch oer. Immen dy neamde it hiel serieus de ikelkonsepsjerûp, want presintatoaren binne ek net hiel dúdlik yn swiere wurden.

We ha der gjin Frysk wurd foar. De omrop hat moandei dochs mar keazen foar ikeprosesjerûp, mar wêrom moat dy hiele roomske optocht der hieltyd by. Ja, om't se yn lange slierten oan elkoar en de ikebeam fêstsitte. Sille we it tenei dan mar gewoan de ikelrûp neame, dan wit elk wat der bedoeld wurdt. Want elkenien wit no al dat je net mear ûnder ikebeam stean gean moatte. Dan jokket it as de hel. Net iens wize nei sa'n beam. Alle bewûndering foar dy gemeentemannen dy't lintsjes oan de ikelrûpsike beam hingje. It fernuvere my wol wat dat der blykber ûnfoldwaande lju binne dy't de rûp bestride kinne. Der ha wolris faker grutte kloften rûpen west. En as je in bytsje fan de natoer witte dan koene je dit dochs oankommen sjen, want dy ikelrûpen ha om de dei konsepsje.

Krekt as de mûzen. Dy ha ek neat oars te dwaan as op elkoar omhingje en dêr krije je lytse mûskes fan. As se dan mei in hiel soad binne, binne it ferrekt aardige bistjes. As je nammentlik net mei buorman-boer kinne, dan sette je gau je lân ûnder wetter en dan swimme dy mûzen, foar safier't se net opfretten wurde troch kobben, roeken en reigers, nei buorman. Dy set dan ek syn lân ûnder wetter en sa is de hiele Súdwesthoeke op 't heden mear wetter as by de oerstreaming yn 1825. It wetterskip is al wer benaud, want dat wetter sakket hiel hurd nei dy drûchte ûnder de grûn en safolle wetter is der aanst net. Oan de oare kanten merkbite boeren no wol, dat wetter op it lân bêst wol kin.

Aardich is ek dat der twa mûzefolken binne en dat dy oarloch ha. De iene groep is wat sterker as de oare en se jeie de oare krekt salang efternei dat dy dan harakiri dogge boppe it Jelte-akwadukt. Dêr rêde se moarns hûnderten deade mûzen op, dêrom kinne dy lju net hieltyd ikelrûpjeie.

Wat my dan wer ôffalt is, dat de Partij voor de Dieren net sein hat dat der oan beide kante dakplaten op dat akwadukt komme moatte, sadat dy mûzen trochrinne kinne. En wer boeren pleagje. Der rekkenje wy dochs op, sa'n Partij. Mar nee. Ik hear se ek net oer de rûp en dêr wurde dochs miljoenen fan fermoarde. Ek de PvdD hat der blykber te folle jokte fan krigen.

Wolf of skiep. Se witte it net. Mûzen of molke. Ikelrûpen of jokte. Ik frege lêst immen wa't eartiids de predator wie fan de stienmurd. Hy tocht hiel lang nei en sei doe: de mins. Der komme op 't heden nochal wat ferfelende bisten op ús ôf. Sille we dêr tenei sels mar wer mei rêde?"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)