Jonge Fryske kuorballers feestlik binnenhelle nei winnen EK yn Hongarije

10 jul 2019 - 08:48

It Fryske kuorbalteam fan ûnder de 15 jier is Europeesk kampioen wurden en tiisdeitejûn feestlik binnenhelle op It Hearrenfean. Op it EK yn Hongarije waarden alle seis wedstriden it ôfrûne wykein wûn troch it talintfolle team.

De jonge kuorballers hiene har foar it EK pleatst troch it beheljen fan in Nederlânske titel. Yn de finale waard Ingelân ferslein. Se moasten der hurd foar fjochtsje om safier te kommen, fertelle de spilers. Benammen tsjin Portugal wie it in swiere wedstriid.

Assistint-coach Redmar Bauer is út 'e skroeven mei de prestaasje fan syn team. "Het was echt ongelofelijk, ik vind het echt een wereldprestatie", sei er by oankomst op It Hearrenfean.

Neist Nederlân, Ingelân en Portugal diene ek Tsjechië, Dútslân, Slovakije en Hongarije mei oan it EK.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de feestlike ûntfangst fan de jonge kuorballers op It Hearrenfean

(advertinsje)