Brêgewipper mei klompke hieltyd seldsumer troch bou betsjinningssintrale

10 jul 2019 - 07:19

Mei de start fan de bou fan it Swettehûs yn Ljouwert wurdt de betsjinning fan brêgen hieltyd mear sintraal regele. Stadichoan ferdwynt sa de brêgewipper mei it tradisjonele klompke. Neffens de provinsje hat it nije systeem lykwols in soad foardielen.

Troch de sintrale betsjinning kinne wettertoeristen flugger troch de brêgen hinne, om't der gjin pauzes mear binne. Neffens de provinsje, dy't opdrachtjouwer is fan it Swettehûs, is sintrale betsjinning ek feiliger. Dit om't je mei kamera's mear sjogge as út in brêgehokje wei.

It is de bedoeling dat úteinlik fjirtich Fryske brêgen út dit Swetttehûs wei betsjinne wurde. Der sille sa'n tweintich brêgebetsjinners 'op ôfstân' oan it wurk yn Ljouwert en it tradisjonele brêgewachtersklompke krijt in spesjaal plakje yn it gebou.

Sirkulêre bou

It Swettehûs sil folslein sirkulêr boud wurde. Dus sûnder dat der bouprodukten ferlern gean en mei materialen dy't opnij brûkt wurde. De bou wurdt útfierd troch boubedriuw Dijkstra Draisma en moat op 1 july 2021 klear wêze.

Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma en deputearre Avine Fokkens mei it brêgewachtersklompke dat in plak yn it nije gebou krije moat. - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Deputearre Avine Fokkens oer it Swettehûs

Deputearre Avine Fokkens krijt útlis yn de tydlike sintrale brêgebetsjinning fan brêgewachter Arie Brouwer. - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Op it stuit wurde der al tsien Fryske brêgen, sa as de Sudergoabrêge yn Warkum, op ôfstân betsjinne út in tydlike sintrale yn Ljouwert wei. Dy is fêstige yn it eardere projektburo Vrij-Baan oan de westkant fan de stêd, dêr't ek it Swettehûs komme moat.

"Minder kontakt"

Digitaal brêgewachter Arie Brouwer betsjinnet de brêgen tenei fan achter kompjûterskermen. Neffens him wurket it moai. Hy hat mear oersjoch en it betsjinjen is feiliger. "Neidiel is dat it wat langer duorret en hast minder kontakt mei de minsken", seit Brouwer. De fertraging sit him yn in ynboude befeiliging, dy't brêgen gewoanwei net ha.

Dochs binne der neffens Brouwer mear foar- as neidielen oan it systeem. "Om hiel earlik te wêzen, ik sit leaver op in brêge. Mar dit is gewoan de takomst en sa kinst der folle mear betsjinje. En do hast gjin pauzes mear en alle brêgen ha deselde tiden, it wurdt lyklutsen."

De tydlike sintrale brêgebetsjinning. - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)