Van Wermeskerken ferruilet SC Cambuur foar PEC Zwolle

09 jul 2019 - 22:45

De 25-jierrige Sai van Wermeskerken dy't no noch by SC Cambuur spilet, sil takom seizoen fuotbalje foar PEC Zwolle. It kontrakt fan de ferdigener rûn ôf.

Sai van Wermeskerken - Foto: Orange Pictures

Van Wermeskerken hat in nij kontrakt tekene by PEC Zwolle foar twa seizoenen en mei opsje foar noch in jier.

De fuotballer út Maastricht hat Japanske roots en kaam earder út foar it Japanske alvetal foar spilers ûnder de 23 jier. Ek wie hy oanfaller by FC Dordrecht.

(advertinsje)