Wiardaskoalle yn Goutum te lyts: skoalromten foarearst opdield

09 jul 2019 - 22:11

De Wiardaskoalle yn Goutum is te lyts en moat útwreidzje. Der wurde plannen makke om twa romten by it Integraal Kindcentrum (IKC) Wiarda by te bouwen, mar dat is foar no noch net in oplossing. Dêrom wurde de hjoeddeistige romten foarearst opdield.

Foto: ANP

Neffens gemeente Ljouwert is der yn yntinsyf socht nei in oplossing foar it romteprobleem. Dat hat de gemeente tegearre dien mei skoalbestjoer Proloog en berneopfang Sinne.

Foarearst wurde der dus lokalen splitst, sa't der dochs genôch plak is. De romte foar opfang nei skoaltiid sil oerdeis ek brûkt wurde foar it reguliere ûnderwiis. Omkeard sil in ûnderwiisromte plak jaan foar de opfang nei skoaltiid. Sa hawwe skoalle en berneopfang beide wat mear romte oer de dei hinne.

Yn de takomst moat der dus mear skoalle by komme. De ynvestearringen dy't nedich binne foar de takomstige útwreiding, wurde neffens de gemeente opnaam yn it programma hûsfestjen ûnderwiis 2022-2023.

(advertinsje)
(advertinsje)