Djiptepunt skoalle De Tike: "Sy hawwe de skoalle de nekke omdraaid"

09 jul 2019 - 21:45

Bestjoersfoarsitter Bas van Loo fan de skoallekoepel Adenium is klear mei yntimidaasjes út it doarp De Tike: "Dat gaat niet meer over kinderen. Dat gaat over 'wij willen koste wat het kost iets in stand houden waar geen kinderen meer voor zijn', en op die manier zijn wij er klaar mee." Van Loo doelt op yntimidearjende appkes en bedrigingen dy't neffens him al moannen efterinoar utere wurde oan it adres fan meiwurkers fan basisskoalle De Gielguorde. Dit yn ferbân mei in mooglike fúzje fan de skoalle mei basisskoalle De Leister Igge yn De Pein.

Guon doarpsbewenners liezen tiisdeitemoarn yn de Leeuwarder Courant oer de bewearingen fan de bestjoersfoarsitter fan de skoallekoepel en binne dêr fan skrokken. "It doarp is der kapot fan, wat der hjoed yn de krante stiet. De oantigingen troch Van Loo binne ûnterjochte, opblaasd en ûnwier", seit Rien de Bruin, pake fan ien fan de skoalbern fan De Gielguorde.

De Bruin hat gjin goed wurd oer foar hoe't de proseduere fan de skoallekoepel ferrûn is: "Sy hawwe de skoalle de nekke omdraaid en meitsje no ek it doarp kapot".

'Aso's fan Smellingerlân'

In pear âlden fan skoalbern prate tiisdeitemiddei foar it plein fan De Gielguorde fierder oer de situaasje. Ien fan de memmen, Betty Posthumus, is teloarsteld yn de skoallekoepel. It beskuldigjen fan bedrigingen en yntimidaasjes troch bewenners binne neffens har 'swier oerdreaun.' Sy seit: "Kom mar mei bewizen."

Wilma Kloosterman, ek mem, falt har by. "We hawwe dêr om frege, mar de skoallekoepel koe ús neat sjen litte." Posthumus: "Wat ik hiel slim fyn is dat we suver delsetten wurde as de aso's fan Smellingerlân. En dat docht my hiel sear".

Betty Posthumus kin har triennen net yn betwang hâlde. De emoasjes rinne heech op, sa tsjin de ein fan it skoaljier. Foar de measte skoalbern betsjut dat in feestlik barren, mar foar de bern fan De Gielguorde bliuwt it ûndúdlik wêr't sy oan ta binne.

Pake fan ien fan de bern, Rien de Bruin, oer de situaasje yn De Tike

Driichbrief is de drip

Foar de krystfakânsje is ien fan de leden fan de meisizzenskipsried fan destiids bedrige mei in briefke dat op har doar spikere is. Dêrtroch binne beide leden opstapt.

Mar ek leararen hawwe de ôfrûne moannen appkes en mails krigen mei drigingen. "De medewerkers liggen constant onder vuur, omdat ze hebben ingestemd met de fusie. Dat wil ik niet langer. Het is klaar," seit Bas van Loo.

De direkteur fan de skoalle krige moandei noch in yntimidearjend appke. Dat wie de drip foar Van Loo. Yn in petear mei boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân hat Van Loo iepenbierens fan saken jûn oer de situaasje op de skoalle.

De boargemaster wie neffens de bestjoersfoarsitter 'oerfallen' troch de bedrigingen oan it adres fan de koepel en de basisskoalle yn De Tike. De plysje is earder op op 'e hichte brocht fan de bedrigingen, mar hat gjin oanhâldingen dien.

Net genôch learlingen

Der sitte hieltyd minder learlingen op De Gielguorde. In fúzje mei De Leister Igge op De Pein lei dêrom neffens de koepel foar de hân. Fan it begjin ôf binne ferskate âlden it dêr net mei iens. Sy miene dat der yn dy tiid noch genôch bern wiene, sa'n 50, om de skoalle sûn te hâlden. De koepel hat neffens harren de skoalle doe al opjûn en it advys jûn om bern net mear nei de skoalle te stjoeren.

De skoalle soe te djoer wêze, sizze guon bewenners. De koepel seit dat sy yn 2011 al begûn is om âlden der op ta te rieden dat it net mear ferantwurde wie om sa'n lyts tal bern les te jaan. Sy hawwe petearen mei âlden hân en dat gie yn it begjin goed. Wêr't it mis gie, bliuwt ûndúdlik.

Bestjoersfoarsitter Bas van Loo oer it bedriigjen

De hege spanningen krigen ôfrûne wike in nije ympuls troch in riedsgearkomste fan de gemeente. It CDA hat in moasje yntsjinne en stipe krigen fan de folsleine ried om it sluten fan De Gielguorde mei twa jier út te stellen.

"In de motie wordt een eenzijdige weergave van de werkelijkheid gegeven, waarin het verhaal van de bedreigingen niet bekend is. Daarom hebben we nu bewust het complete verhaal naar buiten gebracht", seit Van Loo. Boargemaster en wethâlders prate tiisdeitejûn mei de ried fierder oer de situaasje rûn de basisskoalle.

Beslút: fúzje of slute

De lanlike skeelkommisje bûget him takom freed oer de takomst fan De Gielguorde yn De Tike. It kin trije wiken duorje oant der in útspraak is. Dy útspraak is binend. De koepel stiet efter it beslút om oan te stjoeren op in fúzje.

Van Loo: "Alles wetende wat ik nu weet had je misschien moeten zeggen: het is verspilde moeite. Maar we hebben tot de laatste snik steeds het goede voor de kinderen gedaan. Met een sluiting was het al lang klaar geweest, maar dit is de juiste keuze".

De âlden hoopje dat de skeelkommisje in fúzje fersmite sil, sa't de skoalle iepen bliuwt. Mar de koepel sil de skoalle dan dochs slute. "Dat is een procedure die maanden gaat duren", seit Van Loo. Hy ferwachtet dat de bern dan gjin learkrêften hawwe. "Alle medewerkers van De Gielguorde hebben al een andere baan gevonden en met het huidige lerarentekort is het moeilijk om medewerkers te vinden die nog les willen geven op die school".

Gjin moai ein

De kompjûters en printers binne al fuorthelle, sizze bern fan de skoalle. En in moai einfeest komt der net. "Dat het nu zo eindigt voor de zomervakantie... Dat doet mij zeer. Ik had het graag anders gewild", konkludearret Van Loo.

De skoalle sil, wat de útkomst freed ek is, nei alle gedachten rap de duorren slute. De âlden op it skoalplein binne der stil fan. "Hoe't der mei ús omgien is, fyn ik respektleas. Wy hawwe altyd besocht iepen te bliuwen. Sy helje ús allegear nei ûnderen", beslút Betty Posthumus.

Bas van Loo oer de fúzje fan de skoalle

(advertinsje)
(advertinsje)