Terherne krijt in hotel dat makke is fan sân, oan 'e Snitser Mar

09 jul 2019 - 20:58

Al earder ha der saneamde sânhotels yn Fryslân west, hotels dus dy't makke wiene fan sân. Op sânskulptuerefestivals yn Fryslân en Brabân ûntstie it idee om sokke pop-up sânhotels te meitsjen, as keunstprojekt. Mar no krijt it hotel yn Fryslân in nij en permanint plak: yn Terherne, oan de Snitser Mar.

Foto: Zandhotel

Om it hotel hinne steane ferskate sânskulptueren en sels de muorren yn de sliepkeamer binne fan sân. Ynspiraasje wiene de iishotels yn Sweden en Finlân.

De organisaasje wie op 'e siik nei fêste plakken, om't der in soad oandacht wie foar it sânhotel yn de media, fan CNN, BBC oant The Guardian. Sa kinne minsken dy't graach sliepe wolle yn sa'n akkommodaasje no better terjochte.

De organisaasje jout oan dat der noch mear lokaasjes by komme yn de kommende jierren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)