Oanlis glêsfezel yn Weststellingwerf: kâns om bermen yn te siedzjen?

No't de oanlis fan glêsfezelkabels yn folle gong is moat der nei de oanlis blommesied struid wurde. Dat fynt de gemeenteried fan Weststellingwerf. Der moatte sawiesa mear blommen yn 'e bermen komme dus dit is in moaie kâns, sa tinkt de ried. No wurde de kabelgoaten tichtsmiten en wurdt der benammen gerssied oerhinne lein.
© Omrop Fryslân
Wethâlder Jack Jongbloed (VVD) fynt it wol in ûndersyk wurdich. Hy freget him tagelyk wol ôf de ynwenners hjir op sitte te wachtsjen. De VVD-fraksje pleitet dêrom foar oerlis mei doarps- en buertferieningen.
Gaby Thijssen fan GrienLinks joech oan dat in better bioferskaat der miskien ek foar soargje kin dat der minder oerlêst is fan de ikeprosesjerûp is. De larven fan de 'glaasvlieg' ite ikeprosesjerûp en dizze komme foar yn bermen mei in soad blommen.
Thijssen woe de mooglike rekken foar it ynsiedzjen wol by Glasvezel Buitenaf en Kabelnoord del lizze, mar dat giet Ronald Westerberg fan D66 te fier. De D66-fraksje wol ek mear witte oer wat der foar it ûnderhâld fan de berms nedich is.