Earste diel bysûndere brêge Ritsumasyl oankaam yn Fryslân

09 jul 2019 - 20:24

In 32 meter lang diel fan de nije fytsbrêge fan Ritsumasyl is oankaam yn Fryslân. It waard mei in spesjaal transport yn de nacht nei tiisdei fan Breukelen nei Ljouwert brocht. Dêr bliuwt it lizzen, oant it ein dizze moanne pleatst wurde kin. It bysûndere oan de brêge is dat er makke is fan flaaks en hars.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De brêge by Ritsumasyl bestiet út twa dielen: it giet om it stik dat yntusken yn Ljouwert leit en dat it fêste diel fan de brêge foarmet. Dêrneist komt der nei de simmer noch in twadde diel fan 34 meter, dat iepen en ticht kin.

Foar it earst

It is foar it earst dat de kombinaasje flaaks en hars yn sa'n grutte brêge tapast wurdt, der bestiet allinne noch mar in lytse rinbrêge fan. Dêrom is der foarôfgeand oan de fabrikaazje in soad ûndersyk dien. De brêge is nammentlik bedoeld foar kuierders en fytsers, mar moat yn needgefallen bygelyks ek in ambulânse hâlde kinne.

Yntusken wurdt by Ritsumasyl wurke oan de pylders dêr't de brêge op steunt en oan de tagongsdiken. Doel is dat der yn oktober foar it earst gebrûk fan makke wurde kin.

Trefwurden: 
brêge Ritsumasyl bio-based
(Advertinsje)
(Advertinsje)