Martenastate Koarnjum krijt earetitel mei stinzefloara: 'botanyske hotspot'

09 jul 2019 - 20:15

Op Martenastate yn Koarnjum binne in soad stinzefloara te finen. It is sa'n bysûnder plak, dat it ferkeazen is ta 'botanyske hotspot' yn de grutte digitale spriedingsatlas fan Floron, in organisaasje dy't ûndersyk docht nei wylde blommen en planten. Mei dizze earetitel moat Martenastate noch bekender wurde by it grutte publyk.

Martenastate yn Koarnjum - Foto: Sjoerd Hogerhuis

"Wy hawwe ferline wike it nijs heard, it moast earst ûnder de pet bliuwe, mar no is it nei bûten brocht en dêr binne wy as bestjoer en as frijwilligers tige grutsk op," seit Henk Buith as foarsitter fan stichting Martenastate.

De atlas bestiet út 200 unike botanyske lokaasjes. Binnen de atlas hawwe de stinzefloara in aparte kategory, en sa is Martenastate 'hotspot' wurden. Foar Buith is it erkennen wichtich, benammen om't Floron sa'n reputaasje hat en de organisaasje him sa bot ynset foar de beskerming fan Nederlânske floara.

Grutsk

"As jo dan keazen wurde ta bêste lokaasje en sy nimme it 'hotspot' - jo soene ek sizze kinne: is is in 'groene parel'of in plak dêrt je hinne moatte - dan binne wy dêr fansels hiel grutsk op. Al fan jannewaris ôf binne der stinzefloara te finen by Martenastate, yn totaal groeie der 16 soarten op sa'n 7 bunder.

"Dêr kinst prachtich rinne tusken leanen, wetterpartijen, reliëf, beammen en in soad histoarje. Martenastate hie al sûnt 1500 bewenners," fertelt Buith.

Soad animo

Hoefolle besikers der op dit stuit nei Martenastate komme, kin hy net goed sizze om't it iepenbier is en de minsken net teld wurde. Mar it binne der in soad. "De animo foar stinzeplanten groeit, dêr dogge wy it foar." Tweintich minsken binne alle wiken yn it spier om alles foarinoar te krijen.

Der binne twa stikken grûn kocht fan Steatsboskbehear, en ek dy wurde ynrjochte as stinzefloaragebiet. "Dus wy binne drok dwaande om it areaal te fergrutsjen."

Foarsitter fan stichting Martenastate Henk Buith oer de earetitel

Foto: Sjoerd Hogerhuis
(advertinsje)