Nedersaksysk yn in 'neutedoppe': nij boek as ynlieding foar in streektaal

09 jul 2019 - 19:43

Yn 2018 is it Nedersaksysk erkend as regionale taal. Doe die bliken dat in soad minsken mei belangstelling foar regionale talen ferlet hiene oan in boek dat as ynlieding tsjinje kin foar wa't mear witte wol oer de streektaal. Dat boek is no skreaun en wurdt woansdei presintearre: Nedersaksisch in een notendop, inleiding in de Nedersaksische taal en literatuur. Neffens skriuwer Henk Bloemhoff bestie sa'n boek noch net, wylst it der foar it Frysk of Grinslânsks bygelyks wol wie.

'Nedersaksisch in een notendop' fan ûnder oaren Henk Bloemhoff - Foto: Omrop Fryslân

Taalkundige Henk Bloemhoff fan Aldeberkeap is ien fan de fiif skriuwers dy't elts in part fan it boek skreaun hawwe. Bloemhoff is spesjalisearre yn it Stellingwerfsk. Hy is ek bekend fanwege syn wurk foar de Stellingwarver Schrieversronte.

Bloemhoff fynt it terjochte dat it Nedersaksysk erkend is as in taal. Foar syn gefoel wie it in soarte trochbraak, ynienen wiene der in soad minsken dy't der mear fan witte woene. It Nedersaksysk wurdt net allinne yn de Fryske Stellingwerven sprutsen, mar ek bygelyks yn Grinslân, Drinte, Oerisel en oare parten fan Nederlân en Dútslân.

Nutedop fan 184 pagina's

Sûnder de oare skriuwers wie Bloemhoff nea oan it boek begûn. It wie nammentlik noch bêst in grut projekt, jout hy oan.

Neffens Bloemhoff moasten der dan ek in soad karren makke wurde foar it boek. Dochs is de 'neutedoppe' noch wol in boek fan 184 pagina's wurden, sa fertelt hy. Yn it boek stiet ynformaasje oer de skiednis en de maatskiplike posysje fan de taal, it lêzen en skriuwen, mar bygelyks ynformaasje ek oer de ynstituten en organisaasjes dy't mei de taal te krijen hawwe.

It moat in weardefol neislachwurk wêze, seit Bloemhoff, in startpunt om fierder ynformaasje te sykjen oer de streektaal. Ek moat it in oersjoch biede fan de literatuer yn it Nedersaksysk.

Henk Bloemhoff fertelt yn - it Stellingwerfsk - oer it nije boek

(Advertinsje)
(Advertinsje)