Ielaak hast werom yn thúshaven Heech: 'Skiednis is wer tot libben kaam'

09 jul 2019 - 19:08

Noch in pear meter en dan binne de mannen fan de Korneliske Ykes II werom yn Heech. Nei in tocht fan trije wiken nei Londen sit it aventoerderop. De bemanning hat in tocht makke fan Heech nei Londen om iel te ferfieren, krekt sa't dat eartiids gie. "No't it derop sit, fielt it krekt as hawwe wy in stikje skiednis wer ta libben brocht", fertelt bemanningslid Rinus Grondsma.

It is in ferhaal út in jongesboek: jierren wurkje oan in skip en dan dêrmei de oerstek meitsje nei Ingelân. It ferhaal fan de ielaak fan Heech, dy't foar it earst yn sawat tachtich jier mei libbene iel nei Londen reizge, sa't dat foarhinne ek dien waard.

Yn Londen hat de bemanning meidien oan allegearre aktiviteiten. Sa wie der bygelyks in kongres oer ielfiskjen. Mar it silen sels wie foar de mannen fan de Korneliske Ykes II dochs wol it moaiste.

Tusken Makkum en Warkum praat ferslachjouwer Maaike van der Hoek mei skipper Johannes Hobma

(Advertinsje)
(Advertinsje)