"Ynset frijwilligers yn de soarch is prima, as sy mar bagaazje hawwe"
Soarchynstellingen yn Ljouwert sitte yn grutte spanning. De gemeenteried giet woansdei yn petear oer de takomst fan de soarch. Der moat goed 3.5 miljoen euro besunige wurde en dat hat konsekwinsjes. Sa wol de wethâlder dat guon soarchtaken oernommen wurde troch frijwilligers. Tal fan soarchynstellingen warskôgje foar de gefolgen. Sy binne benaud dat guon minsken soarch mije sille.
Marcel Lautenbag is mei-eigener fan Strong-ID. It is in ynstelling oan de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert dêr't jonges beskerme wenje. De measten hawwe meardere ynstellingen fan binnen besjoen en kamen geregeld yn oanrekking mei plysje en justysje. By Strong-ID leare se om te gean mei harren problemen. Dat wurket dêr sa goed dat se inoar helpe de problemen op te lossen.
Jay is ien fan harren: "Als ik hier niet was gekomen, dan had ik waarschijnlijk voor langere tijd in de cel gezeten." Hy sit al in skoft yntern mar it giet no sa goed dat hy yn septimber wer nei skoalle giet: "Ik ga een mbo-opleiding doen. Ik wil graag de zorg in. Ik ken de problemen en kan de jongens goed helpen."
Net benaud
Lautenbag is net benaud foar de gefolgen fan de nije soarchplannen foar Strong-ID: "Wij werken met jongeren die hier beschermd wonen en die andere zorg nodig hebben. Toch denk ik dat wij met vrijwilligers kunnen werken. Ze moeten dan alleen wel ervaring hebben met deze groep. Het liefst praktijkervaring."
Twa fan de jonges dy't yn de opfang sitte, falle him by: "Kijk, we gaan niemand uitlachen. We hebben geleerd dat niet meer te doen. Maar je neemt iemand pas serieus als die persoon echt weet waar hij het over heeft."
Soargen
De grutte soarchynstellingen lykas Alliade, Noorderbreedte en GGZ Fryslân meitsje harren noch hieltyd grutte soargen oer de nije plannen. Sy fine alles wat no op papier stiet, net goed útwurke en trochtocht.
Ek de gemeenteried hat noch in soad fragen en opmerkingen. Sa liet PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi earder al witte gjin oanbesteging te wollen fan de soarch. Oare fraksjes sette grutte fraachtekens by de ynset fan frijwilligers. Se freegje harren ûnder oare ôf oft der genôch binne en oft de beskikbere frijwilligers genôch kwaliteiten hawwe.