Sander de Rouwe: Tour de France moat nei Fryslân, oer de Ofslútdyk

09 jul 2019 - 17:46

Deputearren Sander de Rouwe (CDA) en Douwe Hoogland (PvdA) wiene it ôfrûne wykein te gast by Le Grand Départ fan de Tour de France yn Brussel. Net samar, want provinsje Fryslân wol de Tour de France tige graach nei Fryslân helje. It stribjen om in 'grut ynternasjonaal sportevenemint' nei Fryslân te heljen stiet as ambysje yn it programma 'Gelok op 1' fan it nije kolleezje fan deputearre steaten. Dat kin de Tour de France wêze, mar de Giro d'Italia of de Vuelta binne ek wolkom.

Foto: ANP

De Ofslútdyk is neffens Sander de Rouwe de wichtichste Fryske troef om de Tour op termyn nei Fryslân te heljen. "Sa'n Ofslútdyk is unyk. In prachtich parkoers foar in prolooch of foar in groepstiidrit", tinkt De Rouwe.

"De tribune leit der al yn de foarm fan de seedyk." Dat de Ofslútdyk de kommende jierren net beskikber is fanwege de grutskalige renovaasje is gjin probleem, want de Tour de France plant jierren foarút. "Mar 2025 en 2027 lizze noch net fêst. Dat soe kinne", tinkt De Rouwe.

'Alvestêdegefoel'

Yn Brussel hat De Rouwe syn eagen goed de kost jûn om te sjen wat der nedich is foar de Tour de France, mar ek nei wat it allegearre losmakket by de minsken. "It soarget foar grut entûsjasme by jong en âld, by hiele famyljes. It komt ticht by in soarte fan Alvestêdegefoel, mar dan midden yn de simmer."

De Rouwe is leafhawwer, mar wol it as deputearre ek saaklik besjen. "Miljoenen minsken krije dan unike bylden fan de Ofslútdyk en fan Fryslân te sjen. As jo dêr tûk op ynspylje dan smyt dat grif nije toeristen op, dêr bin ik fan oertsjûge." De deputearre fynt Fryslân tige geskikt foar in Touretappe, op betingst dat de Ofslútdyk beskikber is.

Lobby

By it Grand Départ yn Brussel hat De Rouwe al foarsichtich foar it idee oan it lobbyen west. "Mei wa't jo ek prate, of it no hurdfytsers binne of sportsjoernalisten, se fine it allegearre in machtich idee."

It is no in kwestje fan folhâlde, om ek de Tourdireksje fan it idee te oertsjûgjen en ek mei in goed bidbook en finansjeel bod te kommen. Mei de direksje hat De Rouwe yn Brussel net praat. "By sa'n Grand Départ binne se fansels fierstente drok, mar de kontakten dy lizze der."

Deputearre Sander de Rouwe sjocht it al hielendal foar him

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)