'Bêste plasdras' yn Wommels moat tûzenen fûgel-leafhawwers lûke

09 jul 2019 - 17:27

Under Wommels leit it bêste wiete fûgeltsjelân ('plasdras') fan Nederlân, dat seit stichting Agrarysk Natuerfûns Fryslân. Tiisdei giet de skeppe yn de grûn yn it lân fan boer Murk Nijdam. "Wy meitsje hjir fan twa lytse plasdrassen ien hiele grute en der komme ek trije nije fûgelsjochhutten by foar fotografen en minsken dy't wiis binne mei greidefûgels," seit Nijdam. It projekt moat in wiet fûgeltsjelân fan mar leafst 3.2 bunder opleverje.

Foto: Agrarisch Natuurfonds Fryslân

Wat is in wiet fûgeltsjelân, oftewol in 'plasdras', no krekt? Rendert Algra fan stichting Agrarysk Natuerfûns Fryslân: "It is in stik lân dat diels ûnder wetter stiet sa't fûgels better iten fine kinne. Benammen de skries mei syn lange poaten kin der hiel goed terjochte. Dêr kin Murk Nijdam alles oer fertelle want wy binne op syn skriezebuorkerij oan de Slachtedyk ûnder Wommels. Dêr buorket Murk Nijdam al in flink tal jierren greidefûgelfreonlik."

Yn 2018 luts it wiete fûgeltsjelân fan boer Murk Nijdam goed 1.200 besikers en fotografen. Mar yn de takomst, mei it grutte, oanien sletten fûgeltsjelân, moatte dat der wol 4.000 minsken wurde. Sûnder oerlêst foar de fûgels fansels. Algra jout oan dat greidefûgels beskerming fertsjinje, mar de stichting wol de fûgels ek bewust sjen litte oan eltsenien.

Nijdam syn sukses

Boer Murk Nijdam leit út hoe't sa'n wiet fûgeltsjelân eins ta stân komt. "Jo sette wetter op it lân, sa simpel is it. Dêr groeit net safolle gers mear op, mar it is in hiele aardichheid om te sjen hoe't greidefûgels dêr ferskriklik fan genietsje. Sy fiele harren der geweldich by, sy meie der graach oernachtsje en sy krije der fretten yn en dat docht de greidefûgelstân hiel goed."

Nijdam is al lang dwaande mei greidefûgelfreonlik buorkje. "De earste plasdras haw ik yn 2005 oanlein. Ik hie doedestiids net tocht dat it sa'n sukses wurde soe. Yn 2005 hie ik tocht ik in 20-25 briedpearen fan de skries. Wy hawwe in goede 100 hân, mar sitte dit jier op sa'n 81 skriezepearen."

Duorsum

Algra is grutsk op de ynset fan de boer by Wommels. "Dit is in foarbyld hoe't it kin, mar it is miskien wol it peareltsje fan hoe't it kin mei greidefûgels. En dat is ek wêrom't wy as Agrarysk Natuerfûns Fryslân hjiryn ynvestearje wolle, want dit moat aanst net dien wêze as in boer ophâldt mei buorkjen. Dit moat der oer 30 jier noch wêze."

"It Agrarysk Natuerfûns Fryslân is eins in soarte 'spin-off' fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten,"seit Algra. "Wy binne wol in selsstannige stichting en wolle op meardere plakken yn Fryslân safolle mooglik sizzenskip krije oer lân dêr't no noch plak is foar greidefûgels of dêr't de kâns hiel grut is."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat yn Wommels mei Murk Nijdam en Rendert Algra

Deputearre Johannes Kramer hat tegearre mei wethâlder Maarten Offinga fan gemeente Súdwest-Fryslân de starthanneling dien en hy is tige wiis mei it wurk dat dien wurdt by Wommels.

Kramer: "It is hiel goed dat it Bûn fan Fryske Fûgelwachten prikken yn it wurk steld hat om it te ferbreedzjen en te ferbetterjen, sa't de fûgels hjir in nóch better plak krije mar sa't ek Murk entûsjast holden wurdt om syn wurk dwaan te wollen."

Deputearre Johannes Kramer oer it wurk foar de greidefûgels

(advertinsje)
(advertinsje)