Fjoertoer Flylân wer sichtber nei renovaasje:"It nije read spat derôf"

De fjoertoer fan Flylân is wer sichtber. De doeken om de toer hinne binne der moandei ôf helle en tiisdei wurde de stegers ôfbrutsen. De fjoertoer waard ferline jier septimber sletten foar it publyk om troch Rykswettersteat opknapt te wurden. Mar de wurksumheden duorren folle langer as earst tocht waard. Mei omdat yn de ferve dy't brûkt is yn it ferline, it giftige groom6 siet.
© VVV Vlieland
De pachter fan de fjoertoer siet al dy tiid wurkleas thús. Germ Veenstra is bliid dat no de ein yn sicht komt: "It falt net ta om as fjoertoerman ynienen 24 oeren deis thús sitte te moatten."
No't de doeken derôf binne, wurdt de nije kleur ek goed sichtber. "It wie in soart menyread, mar is no brânwachtread wurden. It spat derôf."

Rotsoai oprêde

Der moat noch wol in soad rotsoai oprêden wurde, bûtendoar en yn de fjoertoer sels. Offisjeel is de fjoertoer op 1 septimber wer klear, sa is de planning fan Rykswettersteat. Veenstra hopet op 1 augustus, want dan kin er noch in sturtsje fan it toeristeseizoen meipikke. Yn it heechseizoen binne altyd in soad toeristen op it eilân. Foar't it safier is, moat der noch wol in soad barre. "It is net oars. Dêr moatte jo jo by dellizze.
Fjoertoer Flylân is wer sichtber