Weststellingwerf helpt minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne

09 jul 2019 - 16:21

De gemeente Weststellingwerf stelt in koördinator oan dy't minsken helpe moat dy't net of net goed lêze en skriuwe kinne. It giet om in proef fan in jier, dy't mei jild fan it ryk betelle wurdt.

Foto: pixabay.com

Neffens de gemeente is it hiel belangryk dat minsken it lêzen en skriuwen goed yn de macht hawwe, omdat se harsels dan better rêde kinne. Der is in ferbân tusken net goed lêze en skriuwe kinne, earmoede en skulden, seit Weststellingwerf. De gemeente wol de minsken dy't mei dat probleem sitte, better berikke. Yn Weststellingwerf spilet it by tusken de acht en de alve persint fan de ynwenners.

It oanstellen fan in koördinator stiet sintraal yn de oanpak dêrfan. Oare gemeenten giene Weststellingwerf hjiryn foar en dêr wie it in súkses. De koördinator slagge der dêr yn om it oanbod fan tal fan helporganisaasjes ôf te stimmen op it ferlet fan minsken dy't it lêzen en skriuwen leare wolle.

It is de bedoeling dat de Stellingwerver koördinator ûnderbrocht wurdt by de biblioteek. Dêr kinne minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne no ek al terjochte foar maklike boeken en oefenprogramma's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)