Soarchsintrum De Stelp op It Amelân noch hieltyd net brânfeilich

Soarchsintrum De Stelp yn Hollum op It Amelân is noch net brânfeilich. De ynspeksje fan de feilichheidsregio hat it pân noch hieltyd net goedkard. Al in pear desennia slagget it net om it gebou feilich te krijen. Eigener en soarchoanbieder fan it pân, KwadrantGroep, moat fan de gemeente opnij oan 'e slach om it gebou oan te passen.
© Google Street View
KwadrantGroep sil dat, neffens eigen sizzen, ek sa gau as mooglik dwaan. Der soe al in goedkard plan lizze yn gearwurking mei Veiligheidsregio Fryslân. It giet dan bygelyks om de oanlis fan in sprinklerynstallaasje en in oantal oare maatregels, mei it doel om by in eventuele brân de omfang fan it fjoer sa mooglik te beheinen. En der moat ek foar soarge wurde dat minsken genôch tiid hawwe om te flechtsjen.
Yn de tuskentiid stiet de gemeente de situaasje oant 1 july 2020 ta.