Follybalster Marrit Jasper ferlinget har kontrakt yn Aken

Follybalster Marrit Jasper (23) fan Snits ferlinget har kontrakt by Ladies in Black Aachen. "Trotz vieler guter Angebote anderer Klubs", nettsjinsteande in soad oare oanbiedings, stiet op de webside fan de klup. It wurdt Jasper har twadde seizoen yn Aken. Dêrfoar spile sy in jier foar Dresdner SC en it jier dêrfoar by Suhl, dêr't har suske Hester Jasper takom seizoen ek foar spilet. Beide sussen setten harren karriêre útein by VC Snits.
© ANP
Marrit Jasper: "Ik ben heel blij dat ik in Aken blijf en ik heb zin in het aankomende seizoen met een nieuwe ploeg. Bovendien werk ik graag onder de regie van Saskia (de trainster, red.) en ik hoop dat ik nog veel meer kan leren. En ik ben blij dat we opnieuw de Europese Challenge Cup spelen, want het is altijd mooi om tegen clubs uit andere landen te spelen."

Wichtich ûnderdiel

Neffens har trainer Saskia van Hintum hat Marrit Jaspen it ôfrûne seizoen mei har grinsleaze ynset sjen litten hokker mearwearde oft sy foar it team hat. Sy is dêrmei in hiel wichtich ûnderdiel foar de ploech wurden, seit Van Hintum.
Marrit Jasper spile de ôfrûne moannen ynterlannen foar Nederlân yn de Nations League. Sy wie dêryn sels ferskate kearen oanfierster fan de ploech.