Offâloven Harns krijt sa'n fiif moannen om útstjit sâltsoer te ferminderjen

09 jul 2019 - 15:03

De provinje easket dat ôffaloven REC yn Harns de útstjit fan sâltsoer sa gau as mooglik werom bringt nei in normaal nivo. Sa net, dan folgje der flinke jildboetes. Dat is tiisdei bekend makke yn it parsepetear fan Deputearre Steaten. De ôffaloven krijt oant 1 jannewaris 2020 de tiid om de útstjit te ferminderjen.

Slagget it net om de útstjit te ferminderjen for 2020, dan folget in boete fan 40.000 yn 'e moanne oant in maksimum fan 400.000 euro.

De REC krijt dus noch efkes de tiid. "It freget it oanpassingen yn de bedriuwsfiering. Dêr moat eltsenien de tiid foar krije. Mar wy hawwe der betrouwen yn dat Omrin it goed oanpakt," seit deputearre Douwe Hoogland.

Stân fan saken

De kommunikaasje tusken de provinsje en Omrin wie neffens Hoogland goed, en bliuwt ek goed. Hoogland: "Der giet in brief nei Provinsjale Steaten, der stiet stân fan saken yn hoe't it op dit momint stiet mei it ûndersyk dat wy as provinsje oplein hawwe, it ûndersyk fan de gemeente Harns oer it wol of net sluten fan de REC stiet deryn en fansels ek de sâltsoerdiskusje."

Provinsje moat ek hannelje

Ein maaie hie de Ried fan Steat al oanjûn dat de REC tefolle sâltsoer útstjit en dat dêrmei de fergunning oertrêden wurdt. De Ried fan Steat joech it oardiel nei't Stichting Afvaloven Nee oan 'e bel lutsen hie. De stichting fûn doe al dat de provinsje as fergunningferliener dêrtsjin hannelje moast.

"Dat is in konstatearring fan de Ried fan Steat," jout deputearre Hoogland oan. "Wy hiene earst mei it âlde proses in marzje, en dêr hawwe wy ús ek oan holden. Mar no moatte wy foldwaan oan dy 5.2 mg/Nm3, en dêr sille wy op tasjen."

Deputearre Douwe Hoogland oer de REC

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(advertinsje)