Film oer it Kollumer Oproer? Ja, as it oan Steven de Jong leit

09 jul 2019 - 14:19

Salomon - It Kollumer Oproer op it wite doek? Regisseur Steven de Jong fan it teäterspektakelstik dat noch oant en mei tongersdei yn Kollum opfierd wurdt, sjocht it hielendal sitten. "De earste Nederlânske Bollywoodfilm. Wêrom net?"

Steven de Jong oer in mooglike ferfilming fan It Kollumer Oproer

It Kollumer Oproer giet oer de opstân yn Kollum dy't plakfûn yn 1797, de tiid fan de Frânske oerhearsking. Yn Noardeast-Fryslân wiene se fûl tsjin de Frânsen en fersetten harren. De lieders fan de opstân moasten it bekeapje mei de dea: Salomon Levy en Jan Binnes, de haadrolspilers fan it stik.

Yn dat stik en ûnderwerp sit neffens De Jong dus in film. "Ik fyn dat de filmline dy no yn It Kollumer Oproer sit in bytsje oan de meagere kant is. Dy hie wol wat 'fetter' kinnen, mar dat wie budzjettêr net hielendal helber. Doe seine we: goh, miskien is der wol in spin-off mooglik yn de foarm fan in echte film."

In Bollywoodfilm

"De krêft fan de foarstelling dy't we no yn Kollum ha dat is wol hiel bot de muzyk", leit De Jong út. "We hawwe in muzikale cast mei Syb van der Ploeg, Piter Wilkens, Carla de Bruine, Thijs Meester en Johannes Rypma. Dat is harren krêft: de muzyk. Doe tocht ik by mysels: miskien kinne we wol de earste Nederlânske Bollywoodfilm meitsje."

"Dat is film wêryn't in sêne ûnderbrutsen wurdt troch in ferske. It makket it hiel fleurich. De kombinaasje muzyk en film wurdt dan wol hiel tof."

Fûnsen oanskriuwe

Faak is jild in dreech ferhaal yn de filmwrâld. Dat is hjir net oars. "Finansiering is altyd in hjit hingizer", wit De Jong. "Wy sille de fûnsen oanskriuwe. Miskien dat de provinsje ek ris seit: hé, dat is aardich en miskien de Omrop ek wol. Wy kinne folle sterker wurde wannear't we elkoar opsykje. Miskien is dêr wat yn te heljen."

It stik Salomon - It Kollumer Oproer soe oant en mei ôfrûne moandei spile wurde, mar waard fanwege sukses al twa kear ferlinge. "It rint dat it slydjaget. Elke jûn sit it grôtfol. Der moatte elke jûn stuollen by. Wurdst der sa entûsjast fan, krigest safolle enerzjy werom fan de minsken. Elkenien is der sa oer te sprekken. Dan begjint it te buorreljen en spuit it de earen út."

(Advertinsje)
(Advertinsje)