Fryske Kultuerrûte moat toeristen nei Súdwesthoeke lokje

09 jul 2019 - 12:51

Alle buordsjes binne pleatst, dat besikers kinne no makliker de Fryske Kultuerrûte yn súdwestlik Fryslân folgje. Op de rûte lizze de doarpen Allingawier, Eksmoarre, Piaam, Gaast en Ferwâlde. De organisaasje mikt ek op de Fryske toerist. "Tichtby hûs kin it hiel moai wêze", seit Jan Stellingwerf fan de kultuerrûte. De rûte fan 25 kilometer is benammen geskikt foar fytsers en kuierders, mar mei de auto kin it fansels ek.

Ien fan de nijsgijirrige ûnderdielen fan de rûte is in timmerwurkplak yn Ferwâlde út de njoggentjinde iuw. De pleatslike timmerman hie in fin mear as in bears. Hy wie ek stjerrekundige en alternatyf genêzer. Yn it lytse museum yn it doarp, dat no twa jier iepen is, is ûnder oare syn stjerrekiker te sjen.

In oare bekende attraksje oan de Fryske Kultuerrûte is it museumdoarp Allingawier. Oant no ta stie it tal besikers yn trochsneed op sechtich op in dei. Dat soene twahûndert wurde moatte, sa is it doel. "Fryske toeristen meie ek wolris faker delkomme", seit Jan Stellingwerf.

Súdwest-Fryslân is de lêste tiid wol mear yn de publisiteit. Sa kaam yn it telefyzjeprogramma Bed & Breakfast Allinga State prominint yn byld.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat yn Ferwâlde mei Jan Stellingwerf

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Allingawier

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)