Plysje set bodycams yn tsjin oerlêst troch dronken jongerein

09 jul 2019 - 12:37

De plysje set saneamde bodycams yn tsjin oerlêst troch dronken jongeren. Dy wurde troch de plysje filme en dêrnei wurde de âlden mei de bylden konfrontearre. De kamera's wurde ynset yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, ûnder oare yn de Snitswike.

Foto: www.politie.nl

De lanlike plysje hat ûndersyk dwaan litten nei nut en needsaak fan de bodycams. Dy stúdzje is útfierd troch de NHL Stenden yn Ljouwert. Joyce Kerstens fan de hegeskoalle: "Stel alle agenten dragen straks een bodycam. Dan worden er ontzettend veel opnames gemaakt. En sommige van die beelden worden ook als bewijsmateriaal gebruikt bij een strafzaak. Je hebt mensen nodig die uit een enorme bult aan opnames het juiste materiaal kiezen."

Gedrach feroarje

De bodycam is lyts. Hy wurdt fêstklikt op it fest en giet oan as de plysje op surveillânse giet. De plysje moat de minsken wol fertelle dat se opnaam wurde op kamera. In bodycam heakket wat ta oan wat de plysje no al docht. As it goed is, feroaret it it gedrach.

Opfiede

Der hat earder in proef west yn Noard-Nederlân mei tweintich bodycams op fjouwer plakken. De plysje giet no oer ta de oanskaf fan twatûzen bodycams foar hiel Nederlân, dêr't de plysjes de kommende tiid mei tarist wurde. Yn de Súdwesthoeke is it benammen de bedoelding is dat mei de bylden de âlden konfrontearre wurde mei it hâlden en dragen fan harren dronken bern. It is in opfiedkundich middel, want net alle saken komme ûnder justysje.

Bewiismiddel

De plysjes krije in spesjale training foar it wurkjen mei in bodycam. Want de kamera filmet ek it gedrach fan de plysje sels. Fierders is ek ûndersocht oft soks juridysk wol mei. De opnames fan de bodycam kinne brûkt wurde as ekstra bewiismiddel foar as minsken oer de skreef gean.

Trefwurden: 
plysje Snitswike bodycam
(Advertinsje)
(Advertinsje)