Hearrenfean wol oanskaf reinwetterstonnen stimulearje

09 jul 2019 - 11:56

De gemeenteried fan Hearrenfean wol dat der noch dit jier in stimulearringsregeling komt foar de eigen ynwenners foar de oanskaf fan in reinwetterstonne. In moasje fan FNP en de PvdA waard moandeitejûn troch 21 fan de 30 oanwêzige riedsleden stipe.

Reinwetter - Foto: ANP

"In soad minsken wolle harren ynsette foar it ferbetterjen fan it miljeu", wit Ate Eijer fan FNP. "Hjirfoar binne in soad kânsen. Ien dêrfan is besparring fan it wetter dat we brûke. Dit kin hiel maklik troch it gebrûk fan reinwetter."

Neffens Eijer hat in tredde fan de Fryske húshâldingen al in reinwetterstonne, "mar dit kin better". Eijer wiisde derop dat de tonne ek opnommen is yn it provinsjaal koälysje-akkoart. "It binne mar lytse dinkjes: de ynset fan reinwetterstonnen en de besparring fan it gebrûk fan it wetter, mar wannear't bygelyks wenningkoöperaasjes by harren huzen in tonne sette, leveret it alwer mear op."

(advertinsje)