Himpkwekerij yn Snits, boargemaster lit hûs slute

09 jul 2019 - 11:30

Boargemaster De Vries fan Súdwest-Fryslân hat oan de Snecanusstrjitte yn Snits in hûs slute litten. De plysje hie yn dat hûs in himpkwekerij fûn. It hûs is no trije moanne ticht.

Foto: Public Domain Pictures

Boargemasters meie op grûn fan de opiumwet in hûs slute as der sprake is fan drugskriminaliteit. Dat moat soargje foar mear feilichheid.

Trefwurden: 
Snits himpkwekerij
(advertinsje)