Grutte skea oan oldtimer by botsing by Boyl

In oldtimer hat tiisdeitemoarn grutte skea oprûn by in botsing yn de buert fan Boyl. De oanriding wie om kertier oer achten op de krusing fan de Boekelterwei mei de Bekhofwei. Twa auto's botsten dêr opinoar.
© Kappers Media
De plysje en in sikeauto wiene gau op it plak fan it ûngelok. Bliken die dat gjinien ferwûne rekke wie. De oldtimer rekke swier skansearre. Hy is total loss. De oare auto kaam der mei in lichtere skea fanôf.