Kollum: "Woansdei Wjirmedei"

09 jul 2019 - 08:19

"Salma Hayek is in aktrise mei in bjusterbaarlik figuer. In frou mei alles derop en deroan. En alles 'puer natuer', sa't se sels seit. Ik tocht oan Salma doe't ik nei in planke fol moalwjirms en sprinkhoannen stie te sjen. Pûdsjes fol ynsekten yn in doaske mei de merknamme Little Hero."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Yn in show fan David Letterman ferklearre Salma Hayek it geheim fan har godlik figuer: se iet geregeld ûngedierte. Mieren út de frituer mei in bytsje guacomole, wjirmen dy't nei nuten smeitsje, sprinkhoannen yn in beslachje fan blom, iiskâld wetter, piper en sâlt. 'It wetter rint my om de tosken, allinne al troch deroer te praten,' sei se tsjin Letterman, waans gesicht ûnderwilens de kleur fan in krop sla krigen hie.

Ynsekten binne it fiedsel fan de takomst. Alle gelearden binne it dêroer iens. Yn 2050 moatte 10 miljard minsken oan iten holpen wurde. Op 't heden brûke wy 70 prosint fan it lânbouareaal om fleis te produsearjen. Men hoecht gjin Einstein te wêzen om te begripen dat je net sizze kin: wy jeie de produksje de hichte yn. Dus moatte der alternativen komme. Neffens minsken dy't it witte kinne is it kweken fan ynsekten tsien kear sa effisjint as it opfokken fan kij. Ynsekten stjitte hûndert kear minder broeikasgassen út per kilo produsearre fleis. Boppedat binne ynsekten, behalve maklik miljeufreonlik te produsearjen, sûn en streksum. Sizze se.

Ik stean yn de supermerk en krij in doaske mei krekels. Imerkes yn it Frysk. Dy binne tamakke mei de smaak fan barbekjû. Bylden fan in soppige byfstik komme my foar eagen, in hearlike ribeye of in schnitzel sa grut as in doarmatte. Foar't ik my betinke kin smyt ik it yn de karre, tagelyk mei in doaske moalwjirms en in nustje sprinkhoannen. As men wat nijs ûntdekke wol, moat men ek sjen kinne wat it is.

Ik bedoel, wy ite ek slakken, garnalen en oesters. Om it mar net oer rôt te hawwen, bakte kavia of seane skieppeharsens. En wat te tinken fan andouillette? In typysk Frânske woarst, makke fan de mage en de terms fan in baarch. Dêr bestiet sels in keurmerk foar, de Association Amicale des Amateurs d' Andouillettes Authentiques, útsprutsen as AAAAA. Tapaslik, as men wit dat in goeie andouillette in bytsje nei stront stjonkt.

Hawar, ienris thús brekt it moment suprême oan. Ik set in glês bier klear en lûk it pûdsje mei moalwjirms iepen. Se binne griisbrún, en kinst de ringen telle. Mei't ik se yn de mûle stek fernuverje ik my deroer hoe licht as se binne. Se kreakje súntsjes tusken de kiezzen. De smaak en de struktuer falle my beslist net ôf. Datselde jildt ek foar de sprinkhoannen en de imerkes. It ûngedierte is prima te dwaan. De yndustry foar it kweken fan ynsekten sil grut wurde, dêr bin ik fan oertsjûge. Tagelyk tink ik dat it noch in skoft duorje sil foar't 'woansdei gehakdei' yn 'woansdei wjirmedei' feroare is."

(advertinsje)