Gemeente ferhuzet boerd yn Sleat: "Sûnder dat wy it wisten"

09 jul 2019 - 07:59

It bestjoer fan Stichting Lytse Marren seach frjemd op doe't se hearden dat harren ynformaasjeboerd oer it St. Odulphuspaad yn Sleat net mear yn it sintrum stie. De gemeente De Fryske Marren hie it boerd ferpleatst, nei it rekreaasjeterrein yn de stêd.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Harold Visser oer it St. Odulphuspaad-ynformaasjeboerd

"Soe it stellen wêze?", frege foarsitter Harold Visser fan Stichting Lytse Marren him ôf nei't er hearde dat it boerd mei ynformaasje oer it St. Odulphuspaad fuort wie. "Uteinlik is boppe tafel kommen dat pleatslik belang en de Freonen fan Sleat derfan wisten dat it boerd ferpleatst wie." De gemeente hat it boerd ferhuze. "Sûnder dat wy it wisten."

Net op de hichte

Wêrom is it ynformaasjeboerd nei in oar plak ta gien? Pleatslik belang wie net bliid mei it plak fan it boerd en hie de gemeente frege om it fuort te heljen. Dat barde sûnder dat eigener Stichting Lytse Marren op de hichte brocht wie.

Lilk is Visser net. "Pleatslik belang hat in taak en dat is sjen hoe't sa'n boerd yn Sleat stiet. Se sizze no fan: wy fine net dat it yn it sintrum past en wy hawwe leaver dat it op in oar plak komt."

Woansdei hat Stichting Lytse Marren in petear mei de gemeente oer in oplossing. Dêroer is Visser no al posityf. "Wy komme der seker út."

(advertinsje)