Fûn stoflik omskot op It Hearrenfean fan miste Arnee Elsinga

De plysje hat bekend makke dat it stoflik omskot, dat moandei fûn waard by Haskeruitgang op It Hearrenfean, wol fan de miste Arnee Elsinga is. Der wurdt útsluten dat it om in misdriuw giet.
Fûn stoflik omskot op It Hearrenfean fan miste Arnee Elsinga
De 21-jierrige Arnee Elsinga waard sûnt tongersdei al mist. Hie wie wei nei in besite oan kafee de Skoffel. Moandei wie der op It Hearrenfean in grutte sykaksje, net fier fan it plak dêr't it lichem úteinlik fûn is. De plysje hie de koördinaasje fan de sykaksje yn hannen.
© CAMJO media