Harnzer rêdt Ganeeske fiskers fan ferdrinkingsdea

08 jul 2019 - 22:58

Harnzer Tjebbe Tammes hat moandei njoggen Ganeeske fiskers rêden fan de ferdrinkingsdea. Dat meldt de KNRM Harns op Facebook, Tammes is dêr plakferfangend skipper. De Ganeeske fiskers waarden oerfallen troch in yn ienen opkommende stoarm.

Foto: KNRM Harlingen

Tammes wie yn Gana ûnderweis mei de sleepboat Odin, doe't hy en de oare bemanningsleden fan it skip trije fiskersboaten tsjinkamen. Dy wiene oerfallen troch de yn ienen opkommende stoarm en dreaune tsjin golfbrekkers oan. De boaten rekken dêrtroch folslein fernield, de njoggen opfarrenden koene mei troch de help fan de bemanning fan de sleepboat feilich oan wâl brocht wurde.

"Trots zijn we op Tjebbe en zijn bemanning van de Odin op deze redding van negen mensenlevens", sa slút de KNRM Harns it Facebookberjocht ôf.

Tjebbe Tammes oer de rêding fan de Ganezen

Foto: KNRM Harlingen
Trefwurden: 
KNRM Harns rêding Gana
(advertinsje)