Definityf grien ljocht foar Cambuurstadion, ried seit ja

08 jul 2019 - 22:29

De gemeenteried fan Ljouwert stimt yn mei it nije bestimmingsplan foar it WTC-gebiet. Mei oare wurden: mits der gjin proseduere komt by de Raad van State kin der al frij gau úteinset wurde mei de bou. De fraksjes wiene unanym oer it plan. Dat wie net in ferrassing, mar it is wol in wichtich en mânsk dossier en der wie ek in soad protest.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Ard de Graaf fan de direksje fan SC Cambuur krijt no de taak om it plan finansjeel rûn te breidzjen. Hy giet op 'e siik nei finansiers. Hy moat in bedrach fan seis miljoen euro op it kleed krije. In part dêrfan wol de klub ophelje troch sertifikaten út te jaan. Supporters kinne dy keapje en wurde sa part eigener fan SC Cambuur.

Der is no sa'n tsien jier oer praat oer it wol as net. Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Leeuwarden is noch wol kritysk op de plannen. Hy hat benammen fragen oer de ynfolling fan de winkels. Jacobse helle de diskusje oan oer de grutte supermerk Familia. De ried woe dy winkel net oan de râne fan de stêd.

Der waard doe tocht: in winkel op dat plak hat gefolgen foar de binnenstêd. Mar dat argumint past neffens wethâlder Hein de Haan no net, om't it dêr om folle mear lytse winkels binnen de Familia gie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)