Glemmer Beach: "Der komt in oplossing foar minderfaliden"

08 jul 2019 - 22:20

Minderfalide minsken binne ek dit jier wis wolkom by it muzykfestival Glemmer Beach. Dat lit de organisaasje witte, neidat earder op har webside te lêzen wie dat der gjin kaartsjes beskikber wiene foar minsken yn in rolstoel. Op dy meidieling kaam nochal wat protest.

Foto: Harry Muis

It beslút om foarearst gjin rolstoeltickets beskikber te stellen hie neffens Willem Verbeek fan de organisaasje benammen te krijen mei feiligens: "De lêste jierren hawwe wy de kombinaasje fan rydplaten, sân en wiet waar hân, en dan krije je glêdens. Minsken yn in rolstoel kinne dan te rap by de dyk delkomme."

Dochs betsjut dit net dat de organisaasje gjin rolstoelbrûkers op harren festival hawwe wol. Sa seit Verbeek: "Dat se thús hearre op it strân fan De Lemmer dat is in feit, en se binne ek wis wolkom!"

De organisaasje jout wol ta dat har wize fan kommunisearjen fia de site net optimaal wie. Hjir stie te lêzen dat der gjin spesjale tickets wiene foar minderfalide minsken, en dat je mei in rolstoel dus eins net op it festival komme koene. Dit skeat in soad minsken mei in beheining yn it ferkearde kielsgat.

Gruttere bands en dus maatwurk

"Wy hawwe njoggen jier lang dizze doelgroep ûntfongen, en dat wolle wy yn dit tsiende jier ek dwaan", fertelt Verbeek. "Wy moatte allinnich noch eefkes sjen hoe't wy dat dogge." Gewoanwei koene de rolstoelbrûkers fia de yngong foar artysten nei binnen, mar trochdat der no gruttere bands komme, mei gruttere frachtweinen, is dat dizze kear net mooglik."

Mar Verbeek seit mei klam dat der in oplossing komt, linksom as rjochtsom. Hy freget minsken mei in beheining dan ek om fia de mail kontakt mei de organisaasje op te nimmen, sadat der sjoen wurde kin nei yndividuele behoeften en mooglikheden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)