Aksje rint te goed: AH op De Gordyk komt om yn de plestik fleskes

08 jul 2019 - 21:31

In moai inisjatyf dat oan syn eigen sukses ten ûnder driget te gean, sa soene je it dilemma fan supermerk Albert Heijn op De Gordyk neame kinne. De winkel biedt klanten de mooglikheid om blikjes en fleskes dêr't gjin staasjejild op sit, dochs yn te leveren. Se jouwe der sels in fergoeding fan 2 sinten it item foar.

Pieter Bijlsma by de fleske- en blikjeautomaat - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De AH op de Gordyk is yn oktober 2017 mei dizze aksje úteinset, en sûnt dy tiid binne der al sa'n 420.000 fleskes en blikjes ynlevere. De blikjes kinne troch de AH fergees by de gemeente brocht wurde, mar foar de pet-fleskes moat betelle wurde. Dat hoecht net as in partikulier it docht, mar wol as it om in bedriuw giet.

Lanlik bin der twa AH-supermerken dêr't dizze aksje rint, njonken De Gordyk kin it ek yn Apeldoorn. Dêr is it wol slagge om mei de gemeente de ôfspraak te meitsjen dat sy de ynsammele fleskes ynnimme. Der binne mei de gemeente Opsterlân petearen geande om dit hjir ek foar inoar te krijen.

Supermerk-ûndernimmer Pieter Bijlsma fan De Gordyk hopet dat dit slagget: "Wij zijn een bedrijf dat graag zijn verantwoordelijkheid neemt, ook als het om duurzaamheid gaat. We hopen dat gemeente daaraan ook z'n bijdrage levert."

Goed nijs

Oan it begjin fan moandeitejûn kaam der lykwols ienen goed nijs foar Bijlsma en syn kollega's: it recyclingbedriuw Morssinkhof Plastics, hat yntusken tasein mei in oplossing foar it probleem te kommen. Dat barde nei tuskenkomst fan Merijn Tinga, better bekend as de 'Plastic Soup Surfer'. Hy makke in VLOG oer it dilemma fan de Albert Heijn fan De Gordyk dy't fan tiisdei ôf op YouTube te finen is.

In part fan de plestik fleskes by AH op De Gordyk - Foto: eigen foto

Harkje nei de bydrage oer de plestik fleskes

(advertinsje)
(advertinsje)