Alde technyske skoalle yn Ljouwert definityf opknapt, gemeente bringt 1,6 miljoen yn

De gemeenteried fan Ljouwert hat ynstimd mei de renovaasje fan de âlde kristlike legere technyske skoalle yn de Ljouwerter wyk Huzum-West. De plannen fan it kolleezje wiene al bekend, mar no jout ek de ried grien ljocht. It gebou wurdt in kultureel briedplak. Kreative ûndernimmers kinne dêr in romte hiere om te wurkjen. Yn it gebou oan de Cornelis Trooststrjitte wurkje al tal fan keunstners. It is allinnich swier fertutearze en moat opknapt wurde.
© Erfgoedvereniging Heemschut
De gemeenteried fan Ljouwert stimde moandeitejûn yn mei in bydrage fan goed 1,6 miljoen euro foar it opknappen fan it gebou. Op dit stuit lekt it oan alle kanten. De ried wol ek dat sjoen wurdt oft de hier foar ambachtsminsken dy't in soad romte nedich ha, leech bliuwe kin.
Sûnt de sluting fan de âlde ambachtsskoalle tsien jier lyn, hawwe sa'n tritich keunstners dêr in plak fûn. Der is romte foar folle mear hierders.