Keatsklassiker Van Aismadagen yn Bitgum moat 'doarpsfestival' wurde

08 jul 2019 - 21:17

De keatspartij Van Aismadagen yn Bitgum sil fernije, dat jout de nije foarsitter Jacob Wietse Dijkstra oan. It jonge bestjoer wol fierder sjen as it keatsen allinne en de klassiker moat neffens harren in 'festivalsfear' krije. Lang waarden keatsen en feesten útinoar holden, mar it nije bestjoer bringt hjir feroaring yn.

It bestjoer fan OKK Bitgum - Foto: Alex de Haan Fotografie

Neffens de nije foarsitter moat it evenemint mei de tiid mei. "Wy wolle ek de kommede jierren sjen litte wêr't in lyts doarp grut yn wêze kin en minsken in belibbing biede dy't allinne yn Bitgum plakfine kin," seit Dijkstra.

Feesttinte op it fjild

Lykas de manlju sille de froulju no ek op sneon keatse. De tradisjonele Van Aismadei bliuwt wol op snein. Der komt in feesttinte op it keatsfjild te stean. Jierren efterinoar waard it keatsen bewust by it feest weiholden. Neffens Dijkstra soarge dat derfoar dat minsken kieze moasten: óf it feest óf it keatsen.

Jong en âld

De freed stiet no yn it teken fan jongerein, ek foar de net-keatsers. Der komt in boartershoeke mei in spesjaal animaasjeprogramma. Foar de senioaren is der in Van Aisma Café, dêr't sy noflik sitte kinne,

Fierder is der ek in nij logo makke, yn de histoaryske kleuren fan Oefening Kweekt Kunst (OKK), de keatsferiening fan Bitgum út 1895.

(advertinsje)
(advertinsje)