Noed oer risiko's fan elektrisiteit by bedriuweterrein yn Wolvegea

08 jul 2019 - 20:44

Karrosseryfabryk Heiwo fan Wolvegea ropt de gemeenteried fan Weststellingwerf op om saakkundich ûndersyk te dwaan nei de effekten fan de heechspanningskabels boppe it bedriuw. Neffens direkteur Willem Veenstra wurdt der allinnich sprutsen oer de gefolgen fan in nij elektrisiteit-ûnderstasjon foar omwenners fan de Haulerweg, mar wurdt der net oan bedriuwen tocht. Neist it fabryk binne ek omwenners ûngerêst oer mooglike strieling.

In stroommêst - Foto: Shutterstock.com

Direkteur Veenstra hat noed oer syn 40 wurknimmers en wêr't dy al jierren oan bleatsteld wurde. Om't der mear elektrisiteit nedich is, is it needsaaklik dat it ûnderstasjon oan de râne fan it yndustryterrein oan de noardkant fan it doarp útwreide wurdt. Yn septimber stimde de ried al yn mei it bestimmingsplan.

Ek bewenners ûngerêst

It kolleezje sei doe ta mjittingen te dwaan nei de strieling, mar dêr waard letter fanôf sjoen. Neffens de fraksjes fan GrienLinks en Blijf Stellingwarfs binne der omwenners ûngerêst oer de risiko's.

GrienLinks seit dat wethâlder Hanneke Zonderland it betrouwen fan de oanwenners skea dien hat en Ton Mulder fan Blijf Stellingwarfs nimt it 'ûnbehoarlik bestjoer.' Neffens de fraksjes hat it kolleezje tiid genôch hân en soene sy de kosten mooglik ferhelje kinne op Liander.

Wethâlder Zonderland sei dat de mjittingen net sinfol wêze soene. De gemeenteried sil yn septimber nochris oer de saak yn petear.

(advertinsje)